Foardrachtkriich

Yn in gearkomste fan de Rederikerskeamer yn oktober 1949 komt de foarsitter mei it foarstel, om foar bern fan de trije heechste klassen fan it basisûnderwiis in foardrachtkriich te hâlden. Nei dat yn’e gearkomste it ien en oar út de doeken dien is oer de opset en it doel, wurdt dit foarstel mei algemiene stemmen oannommen. En op 25 febrewaris 1950 wurdt de earste foardrachtkriich hâlden, dat barren wie op’e boppeseal fan de “Smellebrêge”.

No noch wurdt elts jier dizze foardrachtskiich hâlden. Bern bringe harren foardracht en wurde troch in sjury beoardiele; der binne trije klassen. Troch de oerfloed oan mooglikheden foar de bern, nimt it oantal dielnimmers spitigernôch wol wat ôf. Mar mei help fan bern, âlders en ûnderwizers sille wy ús ynsetten bliuwe om dizze foardrachtkriich te behâlden.

It is hjir krekt as yn’e sport, it giet mear om it meidwaain dan om it winnen. Ferskate leden van Halbertsma steane klear om de bern oanwizings te jaan en harren te stypjen. It is elts jier wer in nocht om de prestaasjes oan te hearren, in oantrúner om oan dizze bern ris dy oandacht te jaan dy’t se fertsjinje, it is mear dan de muoite wurdich.

De lêste foardrachtskriich

Op woansdei 23 maart 2016 hat de lêste foardrachtskriich west. Nei in moaie en lange skiednis fan de foardrachtskriich is er besletten de foardrachtskriich net mear te organisearjen.