It stik giet oer fjouwer eks-psychiatryske pasjinten: Lisette, Femmie, Isar en Bram. Se wenje meielkoar yn ien hûs. De sosjoterapeute Toos moat har helpe harren plakje yn de ‘normale’ maatskippij werom te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst.
De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt marris om’t hoekje te sjen. It leket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de inrjochting moatte. Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren net yn goede ierde. Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne.
Spilers
Femmie ten Have Eks-pasjint Tia Visser-Valk
Isar Schut Eks-pasjint Simon de Jong
Bram Meijer Eks-pasjint Hans Zwart
Lisette Kuilman Eks-pasjint Jantine Visser
Ans Bruns Buorfrou Tine Broekens-Hiddema
Daan Bruns Buorman Piet Smidt
Henri v.d. Berghe Wethâlder Benno Snijder
Toos Spit Sosjoterapeute Nannie Geerligs
Meiwurkers
Rezjy Harm Veenema
Ynstekster Pietie Stienstra-Atema
Omballingen Jacoba Dijkstra-de Haan
Dekorbou Bauke Overal en Broer Stienstra
Grime/Kapwurk José Eijzenga
Lûd en ljocht Frederik van Dijk