Skiednis

Skiednis

Yn 1865 is der yn Stiens in Resiteerklub oprjochte dy’t de namme “Oefening en Genoegen” krige. Dizze Resiteerklub hat net lang bestien, want yn 1872 waard in nije oprjochte al neamde men it no net in klub mar in Resiteerkolleezje wat kennis heech yn it findel hie, want it krige de namme “Oefening keweekt kennis”.

Tsien leden fan dit Kolleezje rochtsje op 1 desimber 1875, yn cafe “De Briel” oan de Uniawei, de “Rederikerskeamer Eeltsje Halbertsma” op. Op 16 augustus 1876 wurdt it earste toanielstik lêzen en wol “De Skearwinkel fan Toan Sjipsop” fan Waling Dijkstra. It begjin fan jierren lang dwaande wêzen mei foardrachten en toaniel. Yn 1877 wurdt de namme feroare yn “Rederikerskeamer Halbertsma” wermei beide bruorren eare waarden.

Oan de ein fan de njoggentjinde ieu is it by de Rederikerskeamer in fleurige boel, it stik “De reis nei de Jichtmaster” wurdt oer de fuotljochten brocht en mei grut sukses. It stik wurde tolve kear spile en wol trije kear yn Stiens, twa kear yn Ljouwert, en ien kear yn Burgum. It Hearrefean, Harns, Boalsert, Dokkum, Snits en Grins. Dat hawwe yn dy tiden hiele reizen west.

Op 1 desimber 1900 wurdt it 25 jierrich bestean fierd. Earst sjocht men it swier te mjitte, mar der wurdt tastimming jûn om it feest te hâlden. In bulte sketskes, taspraken en foardrachten en sa meer. Dêrnei bal en it feest set troch oan’t de moarns fiif oere.

Yn 1903 kinne ek froulju lid wurde en op de 7e oktober fan dat jier wurdt it earste ferslach yn it Frysk skrean en nei 23 novimber wurdt allinne noch mar yn it Frysk ferslach dien.

It earste ûnderdak “De Briel” wurdt yn 1909 ôfbrutsen. It nije plak wurdt dan it “Koudenburch”. Yn dat selde jier lit de skathâlder witte “de ponge net fier mear yn’e wyn smite te kinnen”. Fan 1914 oan’t 1918 moatte leden opkomme foar de mobilisaasje. Sa ek de foarsitter G. Hoekstra. Dochs sjocht men kâns om de Rederikerskeamer geande te hâlden.

Yn 1925 kriget it “Koudenburch” in oare bestemming, ús ûnderkommen wurdt dan de “Smellebrêge”. Geert Siccama wurde yn 1931 foar it earst foarsitter en it jier der foar wie Tsjerkje Rienks skriuwster wurden. De namme Pyt van der Zee komt it earst in 1937 yn’e boeken foar, hy spilet dan mei yn it stik “Pension Nij Frisia”.

De oarloch wurdt troch boekele, elts jier in stik útsûndere 1944 want men mocht nei achten de doar net mear út. Yn 1949 hie de Rederikerskeamer 54 leden, 59 stipers en 9 eareleden.

Op 25 febrewaris 1950 wurdt de earste “Bernekriich” hâlden, dy’t troch de Rederikerskeamer op priemmen set is. Dêrnei folgje in rige fan jirren mei oansprekkende stikken.

Yn 1954 it stik “Bestean of net bestean”. Yn 1955 “Tsien jier letter” en yn 1959 “De trije boargers” alle trije ûnder regy fan Pyt v.d. Zee. Dat selde jier wurdt ek “De brief fan Don Juan” spile. Yn 1960 is it “De bile leit ûnder de beam” ûnder regy fan Tine Teitsma-Siccama

Yn 1956 wurdt Harm B. Atema foarsitter, mei in ûnderbrekking van trije jier bliuwt hy dit oan’t 1977. Hy is dan ek de langst sittende foarsitter west. Yn 1959 hat de Rederikerskeamer 50 leden, 82 stipers en 9 eareleden.

Yn 1964 wurdt “De nije dûmny” spile; we komme dêrmei wer fan de 1e yn’e eare klasse. Op 18 oktober 1968 wurdt Rommy Douwenga bestjoerslid en sil dit oan’t 2003 bliuwe.

Sneon 29 novimber 1975 it 100 jierrich bestean. Nei it stik “Keamer te hier”, wurdt troch de Boargemaster oan de hear Geert Siccama de Gouden Medalje, ferbûn oan de “Orde van Oranje Nassau”, oanbean. Ek út namme fan de Keninginne kriget de Rederikerskeamer Halbertsma de “Erepenning van Verdienste”.

Yn 1976 wurdt it stik “In keardel út ien stik” spile wat mear as tritich kear oer de foutljochten brocht is. Op 7 april 1979 wie de premiêre fan it stik “Lijen mei de leafde” op de slútjûnen fan it Boun yn Drachten en it mei sein wurde mei grut súkses; ek dit stik is op ferskate plakken spile en dat wie in hiele útris mei alle attributen en dékors.

It hat it Boun blykber goed smakke der’t de Rederikerskeamer op’e nij yn 1983 frege wurdt om de slútjûnen te fersoargjen. It te spyljen stik is “Ien dei frede”. No noch wurdt der hjir en dêr praat oer it stik mei de Paus!

“Fuortprinten yn it gers” wie ek in stik wat der útrûn en wurde spyle in 1989. It achtjen kear oer de fuotljochten bringe te moatten seit genôch. Yn 1991 “Takkomm jier selde tiid” in stik foar twa spilers; it wie hiel bysûnder wat Anneke Fierstra Hondema en Willem Scholte ús dû foarset hawwe. Sa ek it stik “In Snie” wie in útrinner mei in hiel aparte sfear, it wurde in 1999 spile.

En dan it jier 2000, it 125 jierrich bestean hawwe wy fierd mei it spyljen fan it stik “De hear fan Ocksefurd” oftewol “Frijerij mei tûkelteammen”. It feest hat plak fûn yn ien fan de sporthallen, dy’t as seal hiel mouilik te bespyljen wie. Mar it hat foar spilers en dékorbouwers al mei al in hiele “happening” west.

No yn 2007/2008 wurdt “Twa” spile, allinne al apart troch wêr’t it spile wurdt en wol yn’e taap fan de “Smellebrêge”. Ek no wer troch it súkses mei dit stik binne der al wer in moai oantal foarstellings oan ta heakke.

Al mei al bliuwt dit fanselssprekkend in hap en in snap út de skiednis fan ús Rederikerskeamer. Ús skriuwers en skriuwsters hawwe ús fansels noch folle mear neilitten, al moat men by it lêzen fan dit alles goed de tiid en de omstannichheden yn dy tiid foar eagen hâlde. Wol men mear witte dan binne der twa boekjes foar hannen en wol “In ieu toaniel yn eigen doarp” út 1975 en “Hûndert-25 jier Rederikerskeamer Halbertsma Stiens”.

G.H.T.
Stiens, jannewaris 2008