Rederikerskeamer Halbertsma

De toanielferiening "Rederikerskeamer Halbertsma" is al jierren lang net wei te tinken ùt it kulturele barren yn Stiens. Mei de lange skiednis dy't de feriening hat en wêrfan hiel wat te boek steld is, is it tagelyk ek in aktive feriening mei sa'n 60 leden en dêrneist noch sa'n 100 stipers. Us feriening is oanslúten by it "Boun fan Fryske Toaniel Selskippen yn Fryslân" en docht elts jier mei oan de "Toanielkriich" fan it Boun.

Foardrachtskriich

Neist it toanielspyljen organisearret "Halbertsma" jierliks de foar skoalbern te hâlden "Foardrachtskriich" en wol foar de trije heechste klassen fan it basisûnderwiis.

Lid wurde!

Elts dy't graach mei dwaan wol troch in rol te spyljen of op oare wize in bydrage leverje wol, sa as bijgelyks ynstekker/ynstekster, sminke of help biede wol by it bouwen fan dékors, kin kontact opnimme troch it stjoeren fan in e-mail.